Teloarstelling oer beslút KNSB

26 jul 2013 - 09:55

Foarsitter Jelle Wesselius fan it gewest Fryslân fan de KNSB is tige teloarsteld oer it oanwizen fan Icedôme Almere as it nije topsportsintrum. Hy is bot ferwûndere dat it bestjoer dochs foar Almere keazen hat. Der wie neffens Wesselius genoch romte yn it advys om krekt net foar Almere, mar foar Thialf te kiezen. De inisjatyfnimmers fan reedrydhal TranSportium yn Zoetermeer, de tredde kandiddaat foar de topsportstatus, geane yn berop tsjin it beslút fan KNSB en NOC*NSF,

De provinsje Fryslân fynt dat de KNSB in 'histoarysk fersin' makket.

Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean ferwyt de KNSB te kiezen foar loftkastielen fan projektûntwikkelers. Hy doelt dêrby op de plannen fan Icedôme, dy't de finansjele ûnderbouwing noch net rûn hat, wylst dy finansiering by Thialf wol rûn is. Thialf-direkteur Eelco Derks seit yn in reaksje dat er tinkt dat de KNSB en NOC*NSF in twongen kar makke hawwe, nei de útspraak fan de rjochter. Hy seit ek dat Thialf de earste ronde ferlern hat, mar dat der noch in twadde ronde komt. Hy doelt dan op de definitive gunning.

De PVV yn de Fryske steaten freget yntusken om in ynterpellaasjedebat. De partij fynt de 54 miljoen dy't de provinsje yn in nij Thialf stekt in hiel soad jild, no't Thialf foarearst net de topsportstatus krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)