Ten Dam ek nei Profronde

Profronde © ANP
Laurens ten Dam stiet tiisdei oan de start fan de Profronde fan Surhústerfean. Ten Dam einige as 13e yn it einklassemint fan de Tour de France. Earder waard al bekend dat syn ploechgenoat Bauke Mollema oan de start stiet. Tegearre foarmen de twa hurdfytsers, benammen yn de earste twa wiken fan Tour, it duo Bau en Lau.
Tour-winner Chris Froome komt ek nei de Profronde en ek de komst fan Lieuwe Westra fan De Tynje nei Surhústerfean is wis.