Partoer Bakker nei PC

25 jul 2013 - 21:45
  • It Sjûkelân yn Frjentsjer

Pieter Bakker, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra foarmje it 16e en lêste PC partoer. Sy wûnen tongersdeitejûn op it Sjûkelân yn Frjentsjer de saneamde keats-off. Oan dizze keats-off dienen fjouwer partoeren mei. Allinnich de winner mei meidwaan oan de 160e PC, kommende woansdei. It partoer Bakker wûn yn de finale mei 5-3 en 6-0 fan Site Ferwerda, Siebe Greidanus en Rudolf Soepboer.

Foar rûtinier Pieter Bakker wie it in bysûndere oerwinning. Hy hâldt nei dit seizoen op as keatser en krijt no noch in moai ôfskiedspoadium op de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)