Pasveerkorps op nei Kerkrade

In lytse 100 minsken hawwe tongersdeijûn it Ljouwerter Pasveerkorps útswaaid foardat se ôfreizgen nei it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade. It Pasveerkorps nimt it dêr de kommende dagen ûnder oare op tsjin Advendo út Snits. Dat korps is al ôfreizge nei it suden, mar de Ljouwerters woene mei it konsert earst noch ôfskie nimme fan harren fans.
It Wrâld Muzyk Konkoers wurdt om de 4 jier hâlden en de bêste korpsen fan de hiele wrâld dogge mei. It konkoers is al in pear wiken oan de gong, mar sneon en snein binne de wichtichste dagen.
Dan moatte de mars- en showbands harren optredens foar de sjuery dwaan.