Ek hiel Fryslân bakt

De hype fan it sels bakken fan koekjes en taarten troch it televyzjeprogramma 'Heel Holland Bakt' is ek yn Fryslân te fernimmen. De Ljouwerter taartemakker "de taart fan Tonny" hat sels 25% mear klanten as foar it programma. It bedriuw docht ek bernefeestjes en jout workshops yn it bakken.
By 'Heel Holland Bakt', moasten amateurbakkers it tsjin elkoar opnimme en yngewikkelde taarten en koekjes meitsje.
Tonny Overdiep begong trije jier lyn mei syn bedriuw en seach de trend al wat kommen. Hy tinkt dat it mei troch de ekonomyske krisis komt dat minsken graach leare wolle hoe't se sels goedkeaper taarten en koekjes bakke kinne.