Welcome to the Village kin los

25 jul 2013 - 14:37
  • Affysje fan 2013

De tariedings foar it festival Welcome to the Village yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert binne yn folle gong. De organisaasje ferwachtet freed, sneon en snein alle dagen sa'n 2500 besikers. Der komme 72 bands en acts. De Fryske ynbring bestiet ûnder oare út bands, dichters op muzyk en in Frysk flústerbosk.

Ut respekt foar de natuer en om takom jier wer wolkom te wêzen stiet duorsumheid heech op it programma. Buorden, objekten en sitplakken binne makke fan recyclehout. Der binne 700 pallets ophelle út Fryslân.

As alles goed ferrint folgje der mear edysjes fan it muzyk-, dicht- en keunstfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)