Agressive Snitser oppakt

De plysje hat woansdeitemiddei yn in winkel oan de Smidstrjitte yn Snits in 66-jierrige Snitaer oanhâlden, omdat er agressyf wie nei it personiel ta. In diskusje oer in oankeap rûn út de hân en de Snitser begûn doe it personiel te bedriigjen. Dat warskôge de plysje, mar ek tsjin de plysje die de man agressyf.
Omdat er him net legitimearje woe, is de man oanhâlden. Ek doe bleau de man noch dwers en moast de plysje pepperspray brûke. De man is nei it plysjeburo brocht en krige in boete fan 350 euro. Jûns mocht de man wer nei hûs.