Jonge (18) swier mishannele

25 jul 2013 - 11:43

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling yn Heech, dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei om ûngefear 3 oere west hat. Foar in kafee oan de Harinxmastrjitte yn Heech waard in 18-jierrige ynwenner fan Heech troch in noch ûnbekende man hurd tsjin de rêch trape. Hy foel en koe net mear oerein komme. It slachtoffer is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht.

In tsjûge ferklearre dat hy seach dat it slachtoffer in oare stapper oanspruts op syn gedrach. Dêrnei waard de 18-jierrige mishannele.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe dat te melden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)