Wetterlek Bleekleane Ljouwert
Vitens hie tongersdeitemoarn wurk fan in wetterlek yn de omkriten fan de Bleekleane en it Cambuursterpaad yn Ljouwert.
Troch in breuk yn in lieding wie dêr moarns op guon plakken gjin wetter of in legere wetterdruk. Vitens ferwachte om 10.30 oere dat it wurk uterlik middeis twa oere klear is.