Trouwe yn eigen achtertún

Trouwringen © ANP
Stellen yn de gemeente Hearrenfean kinne tenei trouwe yn de eigen achtertún. Breidspearen kinne nammentlik no ek yn de bûtenloft trouwe en fan 2014 ôf harren eigen trou-amtner meinimme. De gemeente beneamt dy persoan dan foar ien dei ta bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân.
Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan spilet de gemeente dêrmei yn op de winsk fan in soad minsken dy't wolle dat in houliksplechtichheid persoanliker ferrint.