Helmholt-Zwaagman skânsrekôr

24 jul 2013 - 22:21
  • Bart Helmholt

Bart Helmholt en Bobby Zwaagman ha yn de 15e wedstriid fan it seizoen op De Jouwer in nij skânsrekôr ljept. Beide diene dat yn de alderlêste sprong. Bart Helmholt kaam nei 20.36 yn it sânbêd. Hy ferbettere dêrmei it âlde rekôr fan 19.76 fan Ysbrand Galama earder dit seizoen. Thewis Hobma sprong ek fierder as it âlde skânsrekôr. Hy kaam út op 19.87. By de jonges ljepte Bobby Zwaagman mei 17.88 it rekôr fan Age Hulder fan 2010 (17.75) út 'e boeken. Sytse Bokma wûn by de junioaren mei 18.52, Lisanne Hulder by de froulju mei 14.96.

Bart Helmholt hat no alle skânsrekôrs fan de sân akkomodaasjes fan it Frysk Ljeppers Boun wer yn hannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)