Frysk famke op sylskip Cork

24 jul 2013 - 21:56

De 15-jierrige Christel de Jong fan Mullum wie ien fan de 30 opfarrenden fan it Tallship Astrid dat woansdei foar de kust fan Ierlân sonken is. It skip kaam yn de problemen doe't de motor krekt foar de kust útfoel. It slagge de bemanning net mear om op 'e tiid de seilen omheech te krijen en troch de hurde wyn bedarre it skip doe op de rotsen. Christel en de oare opfarrenden waarden troch de kustwacht fan it sinkende skip ôf helle. De Astrid wie 14 july ôfset út Southampton yn Ingelân.

De heit fan Christel, Jelle de Jong, is frijwilliger bij de KNRM yn Harns en dy hie der foar soarge dat syn dochter mei koe op it skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)