St. Anne wint Jongfeintepartij

24 jul 2013 - 19:25
  • Nei de lêste slach

Sint Anne hat woansdei yn Easterein de Jongfeintepartij wûn. Yn de finale fan dizze junioare keatspartij lieken de keatsers Rein en Krijn Hiemstra en Sjoerd de Jong maklik te winnen fan Seisbierrum/Pitersbierrum. Sint Anne kaam mei 5-1 foar, mar Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Viser kamen werom oant 5-5. Op 5-5 en 6-4 pakte Sint Anne dochs noch de oerwinning. Op dy stân miste Johannes van der Veen it perk.

De lytse preemjes wienen foar de partoeren fan Sint Jabik en Easterlittens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)