Steuring treinen op Feluwe

NS-trein © Omrop Fryslân
It treinferkear nei it noarden hat sûnt in oere as fjouwer lêst fan natuerbrantsjes op de Feluwe. Tusken Swolle en 't Harde ride gjin treinen, mar wurde bussen ynset. Dat betsjut dat reizgers nei of fan Fryslân in oere langer ûnderweis binne. Neffens de NS soe it probleem om in oere as 6 ferholpen wêze moatte.
It advys is om, as dat kin, in oare rûte te nimmen. Fan Swolle nei Rotterdam en Utrecht kinne je ek de nije rûte troch Flevolân oer it stasjon fan Lelystêd nimme.