Soad folk op Boerebrulloft

24 jul 2013 - 15:35

Se wiene al jierren man en frou, mar noch noait troud as boer en boerinne. Martin Roffel en Franciska Bouwhuis joegen inoar woansdei it ja-wurd yn Frysk kostúm, as wie it 1850. Dat wie op 'e 59e edysje fan de Boerebrulloft op De Jouwer.

Yn Park Heremastate waarden de aktes ûndertekene, nei in taspraak fan de grytman. Nei it brulloftsmiel wie der in hurddraverij troch de Midstrjitte en in Ringriderij om de Sulveren Swipe. De boerebrulloft luts tûzenen besikers.

Trefwurden: 
De Jouwer boerebrulloft
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)