Brân yn hûs Bûtenpost

20 jan 2012 - 20:33

By in brân yn in wenning oan de Franklinstrjitte yn Bûtenpost is freedtemiddei in soad skea ûntstien. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De bewenners wiene net thús doe't de brân ûntstie. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan de brân om't justernacht besocht is om yn te brekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)