Ek Friezen bûten de terpen

24 jul 2013 - 12:44
  • By de opgravings waard it nedige diggelguod fûn
  • Der waard ek in ieuwenâlde hûnekop fûn

It wurdt mooglik tiid om de skiednis fan Fryslân en de terpen op 'e nij te skriuwen. By opgravings by Marsum binne saken fûn út de izertiid en de Romeinske tiid, op in lokaasje frij fier fan terpen. Oant no ta giene ûndersikers der altyd fanút dat wenjen en libjen yn dy tiid allinne op terpen mooglik wie.

It ûndersyk by Marsum wurdt dien fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Woansdei is der op dy lokaasje in iepen dei. Der wurdt de kommende tiid noch mear ûndersyk dien yn de omkriten fan Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)