'Friezen gripe gau nei drank'

24 jul 2013 - 11:39

Friezen drinke it faakst alkohol as se lest hawwe fan stress op it wurk. Friezen dogge dat gauwer yn fergeliking mei oare provinsjes. Ien op 'e fjouwer Friezen grypt de fles as it net sa lekker giet op it wurk. Dat blykt út ûndersyk yn opdracht fan in ferslavingsklinyk yn Limburch. Neffens de klinyk soe it oan 'e folksaard fan 'e Friezen lizze kinne: dat se harren net maklik uterje en de soargen dan mar fuortdrinke.

In oare reden soe wêze kinne dat Friezen earliker antwurdzje.

Trefwurden: 
alkohol ferslaving fles
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)