Plysje pakt oerfaller (19) op
De plysje hat in sechde oanhâlding dien yn it ûndersyk nei de oerfallen op lytse middenstanners. It giet om in 19-jierrige Ljouwerter. De oare fiif fertochten sitte ek allegearre fêst.
It ûndersyk giet noch fierder. De plysje slút mear oanhâldings dan ek net út.