Ljouwerter ferspilet rydbewiis

© ANP Lex van Lieshout
In 58-jierrige Ljouwerter moast tiisdeitejûn syn rydbewiis ynleverje fanwege gefaarlik rydgedrach. De man ried slingerjend troch de Valeriusstrjitte yn Ljouwert; reden foar de plysje om him oan te hâlden. De man makke in ôfwêzige yndruk en koe it mar kwalik op fuotten hâlde. In kontrôle makke dúdlik dat de man dronken hie en mooglik ek medisinen brûkt hie.
Fanwege syn rydgedrach waard it rydbewiis ynnommen, ek omdat hy al earder oansprutsen wie op dat rydgedrach. It CBR sil besjen oft de man noch by steat is om in auto te bestjoeren.