Stroeve start siler Postma

24 jul 2013 - 06:19

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is tiisdei yn it Dútske Warnemünde yn de earste race fan it Europeesk kampioenskip yn de Finnklasse net fierder kommen as in 48e plak. Yn de twadde en tredde race gong it better en waard hy twadde en alfde.

Dêrmei stiet hy nei de earste dei op in 14e plak, mar wol in hiel ein achter de nûmer ien, de Sloveen Zbogar Vasilij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)