Waarmtepompoprop Achtkarspelen

De gemeente Achtkarspelen docht in oprop oan alle eigeners en brûkers fan waarmtepompen om har te melden. De gemeente is sûnt 1 july ferantwurdlik foar dizze saneamde boaiem-enerzjy. Om te foarkommen dat nije waarmtepompen besteande waarmtepompen negatyf beynfloedzje moat de gemeente wite wêr't dy pompen krekt sitte, want dêr is no gjin oersjoch fan.
Waarmtepompen meitsje gebrûk fan de temperatuer fan it grûnwetter. Je kinne je hûs of kantoar sa ferwaarmje op kâlde dagen, mar ek kuolje op hite dagen.
Achtkarspelen is ien fan de earste gemeenten dy't sa'n oprop publisearret. Waarmtepompen binne net sa hiel populêr by it grutte publyk. Foar kantoargebouwen en fersoargingstehuzen kinne waarmtepompen faak wol út.