Roemeenske parfumdieven pakt

© Omrop Fryslân
Twa Roemenen fan 26 en 28 jier en in 22-jierrige frou út Zeist binne freedtemiddei by Sint Nyk oanhâlden mei in auto fol stellen parfum. De bestjoerder hie gjin rydbewiis en koe him ek net legitimearje. Yn de auto lei in pûde mei stellen fleskes luchtsjes. Underweis nei it plysjeburo besocht de 22-jierrige frou noch in preparearde tas dy't by de stellerij brûkt wie yn de plysje-auto te ferstopjen.