Topdrokte foar iismakkers

23 jul 2013 - 20:51
  • De iiskarren fan De Jong
  • De Jong dwaande mei it meitsjen fan 'tartufo bianco'

Iismakkers beleve in topwike. Dat jildt ek foar it iisfabryk De Jong op De Gordyk. Dêr wurdt dizze wike nachts trochwurke om oan de grutte fraach te foldwaan. Undernimmer Romke de Jong is tige wiis mei de temperatueren boppe de 30 graden, mar seit dat de topdrokte fan no it minne foarseizoen net goedmeitsje kin. Yn it earste healjier ferkocht it fabryk 20 persint minder iis as oars.

De iismakker hat ek te meitsjen mei supermerken dy't stunte mei de prizen fan iis. De Jong docht dêr net oan mei, mar hâldt syn prizen gelyk.

De Jong seit dat er fernimme kin dat troch de krisis minder minsken as oars fuort geane op fakânsje. Dy minsken keapje wer faker in iisko foar it fakânsjegefoel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)