Arrestaasje ynbraken âlderein

23 jul 2013 - 16:03

In Ljouwerter is tiisdei oanhâlden op fertinking fan ynbraken by âlderein en handikepten troch hiel Nederlân. Hy soe dat dien hawwe mei twa fertochten út Gouda en ien út Moordrecht. De fertochten wurken yn wikseljende ploegen. Se kamen deryn troch in rút of in iepenbrutsen de doar, of se brutsen in kaaiklúske bûtendoar iepen. Njonken jild naam it fjouwertal ek pinpassen mei. Dêr namen se jild mei op.

Dit foarjier sette in resjerzjeteam út ein mei in ûndersyk nei in searje ynbraken yn it noarden en it suden fan it lân. Begjin july joech Opsporing Verzocht omtinken oan de saak. It fjouwertal wurdt op freed 26 july foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)