Brêge ferneame nei Mollema

Bauke Mollema © ANP
De gemeente Súdhorn wol in brêge ferneame nei Bauke Mollema. De hurdfytser dy't no yn Ljouwert wennet, komt fan Súdhorn. Yn syn middelbereskoalletiid fytste er alle dagen oer it brechje oer it Aduarderdjip. De brêge is fan de provinsje Grinslân. It plan foar de nije namme moat earst foarlein wurde oan de provinsje. Bauke Mollema waard sechde yn de ôfrûne Tour de France.