Staasjeportret inkeld Kening

23 jul 2013 - 13:54

De rjochtbank fan Ljouwert hat keazen foar staasjeportretten fan kening Willem-Alexander net net foar Willem-Alexander en keninginne Máxima. De portretten ferfange dy fan de eardere keninginne Beatrix. De portretten binne yn april besteld en ferline wike ophongen. It giet om tolve stiks.

Yn de rjochtbank Den Haag binne trije staasjeportretten mei dêrop Willem-Alexander en keninginne Máxima fan de muorre helle. De rjochters hiene beswier oantekene. Neffens harren sprekke se inkeld rjocht út namme fan de kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)