Drugsbrûker fernielt eigen hûs

23 jul 2013 - 11:12
  • GHB

In 26-jierrige bewenner fan De Turfsteker op It Hearrenfean hat moandeitenacht ûnder ynfloed fan GHB in ravaazje oanrjochte yn syn eigen wenning. Buorlju warskôgen de plysje doe't se in soad leven hearden. De plysjes hearden dat yn it hûs mei guod smiten waard. Doe't se deryn kamen, seagen se de man op de grûn lizzen, tusken it fernielde húsrie.

Yn it hûs binne GHB, XTC en oare drugs fûn. Alles is yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)