Jongeren blokkearje jachthaven

23 jul 2013 - 10:53

Jongeren hawwe moandei mei in boatsje de jachthaven by de Burgumerdaam blokkearre. In echtpear koe der dêrtroch net yn. Doe't de man en de frou fregen of de jongerein oan de kant gean woe, begûn in 18-jierrige knaap te skellen en te driigjen. It echtpear warskôge de plysje. Dy helle it boatsje nei de kant, dêr't de jonge opsternaat bleau. De jonge diskrimininearre en misledige in plysje.

De jonge is meinaam nei it buro. Nei't proses-ferbaal opmakke wie, mocht er wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)