Bauke Mollema rydt Vuelta

22 jul 2013 - 21:22
  • Bauke Mollema Belkin

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert start ein augustus yn de Ronde van Spanje, de Vuelta. Dat makke Mollema moandeitejûn bekend. Hy wol de kommende tiid earst bykomme fan syn prestaasje yn de Tour de France en sil him dan rjochtsje op Spanje. Syn rol dêr sil oars wêze as yn de Tour, dêr wie hy de kopman. Yn Spanje binne dat Laurens ten Dam en Steven Kruiswijk.

Mollema wol de ronde benammen brûke as tarieding op it wrâldkampioenskip hurdfytsen yn Florence yn septimber. De Vuelta set op 24 augustus útein en duorret trije wiken.

Bauke Mollema wûn moandeitejûn it kritearium fan Boxmeer. Hy fersloech Wout Poels yn de einsprint. Marcel Kittel waard op in pear sekonden tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)