Kandidaten SybrenHellingapriis

22 jul 2013 - 19:32

De fjouwer kandidaten fan de Sybren Hellinga Keunstpriis 2013 binne bekend. De sjuery hat keazen foar Teun Vonk, Hee-Seung Choi, Riet Wijnen en Pernille Lønstrup. De fjouwer keunstners sille fan 25 septimber oant en mei 19 oktober oan it wurk yn Kunsthuis SYB yn Beetstersweach. Yn de wykeinen kin it publyk de keunstners oan it wurk sjen.

Dêrnei wurdt it wurk tentoansteld en komt de sjuery del om de winner oan te wizen. Dy wint in bedrach fan 3000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)