Gjin treinen Ljouwert-Akkrum

De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge © Omrop Fryslân
Troch in oanriding mei in persoan ride moandeitejûn gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum. Dat melde de NS tsjin 7 oere jûns. De ferwachting is dat dit foar in fertraging fan mear as in oere soarget en duorje sil oant 21.30 oere.
Reizgers tusken Ljouwert en Zwolle krije it advys om oer Grins te reizgjen.