Westra hat luchtwege-ynfeksje

22 jul 2013 - 13:59

In ynfeksje oan de luchtwegen hat derfoar soarge dat Lieuwe Westra snein de Tour de France net útride koe. Westra hie al trije dagen lêst fan de ynfeksje. Omdat er graach finishe woe yn Parys, besleat er wol te starten. Hy moast lykwols by it earste rûntsje troch de stêd ôfstappe. Dêrby gie er hast fan syn stokje en makke de ploechlieding him soargen.

Uteinlik foel it ta en koe Westra ôfreizgje nei syn wenplak De Tynje. Dêr is er moandetemoarn om fiif oere oankaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)