Sterkste Man blessearre thús

22 jul 2013 - 12:43

De Sterkste Man fan Nederlân is de kommende moannen net de rapste. Jitse Kramer út Ljouwert wie ôfrûne wykein de sterkste yn it Brabânske Boxtel, mar no sit er thús op 'e bank. By de ien nei lêste oefening skuorde Kramer syn achillespees. De lêste oefening die er op karakter, sadat er him no de Sterkste Man fan Nederlân neame mei. De kommende tiid kin er dat thús yn Ljouwert op 'e bank fiere.

Trefwurden: 
Sterkste Man Jitse Kramer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)