Waarmtekontrôle by it spoar

22 jul 2013 - 12:04

ProRail is mei spesjale ploegen op 'en paad om te kontrolearjen oft it spoar lêst hat fan de waarmte. De meiwurkers kontrolearje yn Fryslân benammen oft brêgen noch wol goed iepen en ticht wolle. Se jogge ek of technyske ynstallaasjes noch goed wurkje. Frachttreinen mei guod krije foarrang by de kontrôle. As dy remje komme fonken frij en dat wol ProRail net fanwege brângefaar.

Fjouwer sleeptreinen stean klear om materieel dat it net langer docht, gau fuort te slepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)