De Jong Europeesk kampioen

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk is snein Europeesk kampioen wurden. Yn it Dútske Bielefeld wie De Jong oppermachtich. Yn op-ien-nei al syn ritten kaam de Gordykster as earste oer de streek.
Sukses wie der ek foar Dirk Fabriek, dy't him him fia de B-finale pleatste foar de A-finale. De âld-Jobbegeaster einige as twadde efter De Jong. Fabriek hie yn de earste searje maleur, doe't in stien achter de bril en ûnder de klep fan de helm in djippe wûne makke. Achter de beide Friezen einigen yn de finale fjouwer Dútsers.