'PvdA moat tichter by minsken'

PvdA
De PvdA yn Fryslân moat wer in partij fan aktivisten wurde, tichtby de minsken. De partij moat ek mear leden besykje te krijen. Dat is it boadskip fan Twadde Keamerlid en oankommend PvdA-partijfoarsitter Hans Spekman.
It kommende wykein is it PvdA-partijkongres yn Den Bosch. Freedtemiddei kamen ferskate Fryske PvdA-ers by elkoar op 'e Jouwer om te praten hokker koers de partij de kommende tiid fiere moat. Sintraal tema is de sosjale wetjouwing. Spekman hat grutte krityk op it kabinet. It regear lit minsken yn 'e kjeld stean.