Fragen oer earmoedhelp

jild © ANP XTRA
Opsterlands Belang wol witte hoe't Opsterlân de 'earmoed-euro's' foar bern fan it ryk ynset. Fierders wol de partij ek noch witte hoefolle earmoed-euro's oft de gemeente yn 2013 krige hat. It kabinet hat 20 miljoen ekstra beskikber steld foar bestriding fan earmoed by bern. Dat jild is ferdield oer de gemeenten.
Sûnt koart kinne bern fan minina yn Opsterlân fergees in kompjûter en skoalkostefergoeding krije. Opsterlands Belang wol fan b. en w. witte oft de earmoed-euro's dêrfoar brûkt binne of dat der noch oare help is of komt.
Steatsekretaris Klijnsma fynt dat de gemeenterieden kontrolearje moatte hoe't de earmoed-euro's ynset wurde.