'Maisy' socht by Swarte Haan

21 jul 2013 - 15:25

Sûnt sneon is der op it waad by de seekdyk fan Swarte Haan de Biltske tekst 'Maisy, wêr bist?' te lêzen. It giet om in aksje fan de Typesetters, in kollektyf fan foarmjouwers en dichters, dy't oan saneamde landscape poetry dogge. Doel is om op ferskate plakken yn en bûten Fryslân in wurd of sin te setten dy't ynteraksje oangiet mei de omjouwing.

Earder wiene der al aksjes by Holwert en oan in braak lizzend stik grûn yn it sintrum fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Swarte Haan Typesetters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)