Snitswike: noch genôch silers

21 jul 2013 - 14:25
  • Fûle striid by de optimisten

De Snitswike hat gjin lêst fan minder belangstelling fan dielnimmers. Dat seit Dirk van der Zee fan de organisearjende Keninklike Wettersportferiening Snits. Hieltiid minder jeugd kiest tsjintwurdich foar wettersport. Dêrtroch driigje grutte wettersportwedstriden yn Nederlân om te fallen. Guon wedstriden binne no al skrast, mar dat jildt net foar de Snitswike. Dy hat oant no ta 620 ynskriuwings. Dêr komme nei ferwachting 100 by en dêrmei sit de Snitswike wer op it normale tal dielnimmers, seit Van der Zee. De Snitswike is oer twa wiken.

Van der Zee fynt it wol ferstannich dat sylwedstriden yn it algemien maatregels nimme tsjin it ôfnimmend tal dielnimmers. De wettersport is al jierren oan it krimpen en de gefolgen dêfan wurde no sichtber yn de offisjele wedstriden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)