Man út Snits skopt en slein

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
De plysje hat sneontejûn yn Snits in 44-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat er in 63-jierrige Snitser mishannele hat. De twa hiene spul krigen.
De fertochte soe it slachtoffer skopt en slein hawwe, doe't dy al op de grûn lei. De plysje hie earder sneon al op itselde adres west fanwege in driigjend konflikt. Dêrby wie neffens de plysje alkohol yn it spul. De fertochte is meinommen foar ferhoar.