Auto yn sleat by Poppenwier

By Poppenwier is in 26-jierrige ynwenner fan Súdwest-Fryslân yn de nacht fan sneon op snein mei de auto yn de sleat bedarre. Hy ried neffens tsjûgen mei hege snelheid oer de Bûtlânswei en kaam mei de tsjillen yn de berm. Dêrnei begûn de auto te slippen. In ein fierderop bedarre de auto op de kop yn de sleat.
De traumahelikopter, brânwacht, ambulânse en plysje giene nei it plak fan it ûngelok, mar dêr die bliken dat de bestjoerder net ferwûne rekke wie. De man hie dronken. Hy krige in proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.