CDA-plan foar fernijing

20 jan 2012 - 17:05

It CDA kiest foar it radikale midden. De partij moat net mear sjen nei de dogma's fan links en rjochts. Dat skriuwt in tinktank yn de partij, it saneamde strategysk beried.

Under de namme Kiezen en Verbinden komt de groep mei útstellen oer de nije koers foar de kommende jierren. Sa wol it CDA ûnder oare de hypoteekrinte-ôftrek ta diskusje stelle, ien belestingtaryf ynfiere en derfoar soargje dat gjinien mear fan skoalle ôfgiet sûnder diploma. Der is ek mear omtinken foar it miljeu.

Sa moatte miljeeufersmoargers lykas auto's mear belêste wurde. De partij wol mei de nije koers it fertrouwen fan de kiezer weromkrije.

Trefwurden: 
CDA Thea Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)