Motorrider swierferwûne

20 jul 2013 - 12:56
  • Botsing auto-motor

In 44-jierrige motorrider út Menaam is freedtejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Ljouwert. Hy ried fan it Frijheidsplein rjochting Lekkum. Ut de Robinsonwei kaam fan links in auto, bestjoerd troch in 63-jierrige Bûtenposter. Auto en motor botsten opinoar, de motorrider foel en rekke swierferwûne. Hy is mei de helikopter nei it univeritêr medysk sintrum UMC yn Grins oerbrocht.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)