Goede kaartferkeap De Oerfal

20 jul 2013 - 12:40

Mear as de helte fan de 5000 kaarten fan iepenloftspul De Oerfal binne no al ferkocht. Dat seit produksjelieder Dick Jansen. De Oerfal is in stik dat giet oer de grutte befrijingsaksje dy't it ferset dien hat yn 1944 yn finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It Iepenlofstpul wurdt dêr ek opfierd. Op it heden binne meiwurkers drok dwaande om it dekôr op it binnenplak op te bouwen.

Op 26 augustus is de try-out. It stik wurdt dan opfierd foar neibesteanden fan de echte befrijers. Dêrnei wurdt it noch njoggen kear spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)