Tennistalint Rixt yn top 5

De 10-jierrige tennister Rixt van der Werff fan Beetstersweach heart sûnt dizze wike by de top 5 fan Nederlân. It jonge talint pleatste har ôfrûne wike op in jeugdtoernoai yn Haren foar de kwartfinales. Dêryn ferlear Rixt fan Isabel Haverlag, dy't it toernoai úteinlik op har namme skreau. De prestaasje wie lykwols goed genôch om by de bêste 5 fan it lân te hearren yn har eigen leeftiidsklasse.
Rixt komt oer twa wiken yn aksje op it Nederlânsk jeugdkampioenskip yn Dordrecht en Rotterdam. It NK duorret fan 5 oant 10 augustus.