Auto botst op fytsbrêge

Drachten
In 33-jierrige man út Drachten is freedtenacht mei de auto tsjin de fytsbrêge op de Suderhegewei yn Drachten oan riden. Nei it ûngelok ried de man troch. Hy koe nei in sykaksje op De Dollard oppakt wurde. Ut in asemtest die bliken dat de man alkohol dronken hie.
De auto rûn grutte skea op. De plysje hat proses-ferbaal opmakke foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol en fuortriden fan it plak fan it ûngelok.