Achterfolging op PM-kanaal

20 jul 2013 - 10:51

De plysje hat freedtejûn in speedboat yn beslach naam op it wetter fan de Nauwe Saiter by Warten. Dêr stode in 45-jierrige man út de gemeente Smellingerlân oer it Prinses Margrietkanaal. Hy gie hurder as 80 km yn 'e oere, dêr't 6 it maksimum is. De wetterplysje koe de man net byhâlde. Nei in achterfolging koe er oanhâlden wurde. Bliken die dat de man in alkoholpromillaazje fan 1 promille hie. De boat en it farbewiis binne yn beslach naam.

De man wie al faker oanhâlden foar hurdfarren. De plysje makket proses-ferbaal tsjin him op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)