Fjouwer Fryske medaljes EYOF

20 jul 2013 - 09:51

De Fryske dielnimmers oan it European Youth Olympic Festival yn Utert hawwe ôfrûne wike goede saken dien. Judoka Hilde Jager, wenjend op It Hearrenfean, pakte it goud yn har klasse. Swimstalint Marrit Steenbergen fan Easterwâlde pakte twa kear sulver op de 50 en 100 meter frije slach. Foar follybalsters Marrit Jasper fan Snits en Janieke Popma fan Blauhûs wie der in brûnzen medalje.

De Fryske medaljes leveren in wichtige bydrage oan it rekôroantal fan 20 medaljes dat Nederlân dit jier helle. Yn 1993 pakte it Nederlânske team 17 medaljes.

Hurdfytster Aafke Soet fan It Hearrenfean waard sechsde op de tiidrit. Nettsjinsteande de teloarstellende prestaasje sjocht se werom op in moaie wike. It evenemint is foar in soad talinten in goede springplanke nei it senioarenivo yn de topsport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)