Geunstige lotting skûtsje Grou

20 jul 2013 - 08:05
  • Skûtsjesilen

It skûtsje fan Grou sil op De Feanhoop as earste starte en yn Earnewâld as lêste. Mei de lotting yn Grou is freedtejûn it SKS skûtsjesilen 2013 offisjeel úteinset. Debutant Siete Meeter fan Ljouwert sil yn Earnewâld as earste starte en op De Feanhoop as lêste.

Yn de wedstriidsearje fan it 69e SKS-kampioenskip sil op de earste freed syld wurde by Ealahuzen. Oars waard der altyd op de tiisdei yn de twadde wike by Ealahuzen syld. Dy twadde tiisdei is no in ynheldei foar as der in wedstryd útfallen is. As dat net nedich is, is it in rêstdei.

Yn de SKS-float binne dit jier twa nije skippers. Foar Wâldsein sylt Teake Klaas van der Meulen en foar Ljouwert stiet Siete Meeter oan it helmhout. In oare wichtige feroaring is it Huzumer skûtsje. Loadewyk Meeter sil dit jier mei in oar skûtsje meidwaan. Huzum sylt no mei it skûtsje dat earder meidien hat oan de IFKS, doe mei Siete Meeter oan it helmhout. Sneontemiddei is de earste wedstriid yn Grou.

Lotting foar De Feanhoop :
1.Grou, 2.Drachten, 3. De Jouwer, 4. Súdwesthoeke, 5. Heale Moanne, 6. De Lemmer, 7. Langwar, 8. Earnewâld, 9. Snits, 10. Huzum, 11. It Hearrenfean, 12. Wâldsein, 13. Boalsert, 14. Ljouwert.

Lotting foar Earnewâld:
1. Ljouwert, 2. Boalsert, 3. Wâldsein, 4. It Hearrenfean, 5. Huzum, 6. Snits, 7. Earnewâld, 8. Langwar, 9. De Lemmer, 10. De heale Moanne, 11. Súdwesthoeke, 12. De Jouwer, 13. Drachten, 14. Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)